Gjin aksje slúpferkear Wiidswâl

09 maaie 2005 - 15:29

Der komme gjin maatregels tsjin it ferkear op de Wiidswâl yn Aldehaske. De Stichting Nannehof hie by de gemeente Skarsterlân oanjûn dat der in soad slûpferkear op de Wiidswâl is. Ek wurdt der hurd riden. De gemeente hat ferkearsmjittingen dien, mar de resultaten binne neffens B&W gjin oanlieding foar maatregels.

De beplanting is wol snoeid foar in rommer útsjoch. Ek wurdt besjoen oft der mear ferljochting komme moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)