Frou (93) komt om by ûngelok

© Omrop Fryslân
In frou fan 93 jier út Ljouwert is sneintemiddei omkommen by in ûngelok by it Stephensonfiadukt yn de stêd. De frou siet yn auto by in man fan 71, dy't in blackout hie.
De auto is fan it talud fan it fiadukt ôf riden en is tsjin in beam ta stilstân kommen. De ynsittenden binne troch de brânwacht út de auto helle. Twa ynsittenden binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.