Brân yn wenhûs Nijeholtwâlde

© Omrop Fryslân
Yn in wente oan de Scheenewei yn Nijeholtwâlde hat yn de nacht nei snein brân west. De brânwacht fan Wolvegea waard ynskeakele om it fjoer út te meitsjen. De beide bewenners rekken net ferwûne.
De brân ûntstie om in oere as tolve yn de skoarstien fan de houtkachel. De skea oan de bûtenkant fan it hûs falt ta. Binnen is de skea wol grut. In bedriuw is dwaande om alles skjin te meitsjen.