Aksje SP anty Europeeske grûnwet

09 maaie 2005 - 09:14

De Soasjalistyske Partij yn Ljouwert set moandei út ein mei in aksje tsjin de nije Europeeske grûnwet. It Nederlânske regear hat tasein dat de tekst fan de Europeeske grûnwet op alle gemeentehuzen te lêzen wêze moat.

De aksje fan de SP begjint om 15.30 oere. Dan wurdt ek in diel fan de grûnwet foarlêzen. Letter op de dei wurdt ek noch in debat hâlden oer de grûnwet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)