Ekstra stipe foar SC Heerenveen

09 maaie 2005 - 07:16

Sportklub Heerenveen krijt ekstra stipe op it mêd fan ûnderwiis en fersoarging. Dy stipe krijt Hearrefean troch in gearwurking mei it Olympysk Stipepunt Noard-Nederlân, it OSNN.

It OSNN jout alle sporters en treners fan de Feanster sportklub de mooglikheid om gebrûk te meitsjen fan de kennis dy't it OSNN hat. It giet dan bygelyks om it bemiddeljen by de ynset fan stazjêres of it jaan fan ynformaasje oer fieding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)