SC Heerenveen - Willem II: 2-2

09 maaie 2005 - 07:15

Sportklub Heerenveen liet mei in 2-2 lykspul tsjin Willem II sneon, punten lizze yn de striid om Europeesk fuotbal. Dochs wiene se spekkeaper, want konkurrint FC Twente ferlear ferrassend mei 1-0 fan FC Den Bosch.

Hearrenfean kaam yn in strieminne earste helte mei 2-0 achter, mar Michel Breuer soarge mei twa goals foar it lykspul. Trener Gertjan Verbeek hat by rêst ferskriklik lilk west op de spilers oer it minne spul. Dat holp dus.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)