'Aparte status plattelânswenten'

© Omrop Fryslân
Wenhuzen op it plattelân moatte in aparte status krije. Dat fynt it CDA yn de Twadde Keamer. Bewenners fan huzen op it plattelân soene oerlêst fan boerebedriuwen, lykas stjonkerij of leven, akseptearje moatte.
De aparte bestimming fan plattelâns- wenten soe opnommen wurde moatte yn de wet op de romtlike oardening. It CDA tinkt dat dat nedich is, no't hieltyd mear frijkommende pleatsen bewenne wurde troch minsken út de stêd.