Buien foar Alvestêdetochten

08 maaie 2005 - 13:32

Hast alle dielnimmers oan de kuieralvestêdetocht hawwe de einstreek helle, ek al reinde it slim. Fan de 800 minsken dy't meidiene binne 44 útfallen. Sneon wie de lêste etappe, fan Dokkum nei De Harmonie yn Ljouwert.

Ek de alvestêdetocht foar roeiers is dien. Dy sette freedtejûn útein, mei 80 dielnimmers. Fjouwer ploegen ha de streek net helle, troch materiaalpech. Sneon riden ek old-timers har Alvestêdetocht, mei de rutewiskers oan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)