Ljouwert skoart op misdiemeter

07 maaie 2005 - 16:29

Ljouwert skoart ek dit jier wer heech yn de misdiemeter fan it Algemeen Dagblad. De stêd komt lykwols net foar yn de top-10 fan de meast kriminele gemeenten fan Nederlân. Lanlik stiet Rotterdam boppe-oan.

Fryslân wurdt wol neamd yn de list mei de 10 minst kriminele gemeenten. Tytsjerksteradiel stiet op it sechsde plak fan ûnderen. De feilichste gemeente is neffens it AD de Twintske gemeente Losser.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)