Kade sintrum Dokkum stoart yn

07 maaie 2005 - 16:10

De kade oan it Grut Djip yn it sintrum fan Dokkum driget yn te stoarten. In stik fan sa'n 25 meter sakket ûnderút. Op dat stik kade kinne in soad misken komme. Oan de gefaarlike sitewaasje moat neffens wethâlder Boorsma gau wat dien wurde. Twa grutte balken hâlde de kade no noch oerein.

Nei alle gedachten begjint it opknappen fan de kade yn septimber. It kin wol moannen duurje foardat de kade wer feilich is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)