Tros-program rektifisearret net

07 maaie 2005 - 14:24

In hûnehanler út Hurdegaryp krijt gjin positive oandacht yn it program Radar. Hy woe omtinken ha om't it Tros-program it bedriuw fan de man in jier lyn in malafide hûnehanler neamde. Neffens De Ried foar de Sjoernalistyk is dat doe net soarchfâldich bard.

De rjochtbank fan Amsterdam fynt in rektifikaasje yn it program te fier gean. Ek hoecht de TROS de útspraak fan de Ried foar de Sjoernalistyk net dúdlik op it ynternet te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)