Seizoen oer foar Cambuur

© Omrop Fryslân
Foar Cambuur falt der dit seizoen allinnich noch mar foar de ear te striden. De club hie noch in lyts kânske op dielname oan de neikompetysje, mar dy mooglikheid is no ferspile. Freed spilen de Ljouwerters mei 2-2 gelyk, út tsjin Excelsior. Cambuur stiet no njoggende.
Excelsior kaam tsjin de Ljouwerters twa kear op foarsprong. Beide kearen wist Jan Bruin de stân wer gelyk te meitsjen.