Soad stipe needopfang Wytmarsum

06 maaie 2005 - 17:26

De aksje foar de needopfang yn Wytmarsum hat al 200 stipers opsmiten. Se ha tekene foar 120.000 euro. De aksje is yn maart begûn op inisjatyf fan Tûmba en de organisaasje Flechtlingen Wolkom. De opfang drige sletten te wurden troch jildkrapte.

Yn de opfang wenje 125 flechtlingen. Stipers betelje 25 euro yn de moanne. Guon bedriuwen jouwe mear. Doel is 200.000 euro binnen te heljen. Se tinke dat dat wol soks slagget.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)