Jonkjes wurde it lân útset

Sa't it no liket wurde de Afgaanske jonkjes Ali Abbas en Ali Hassan mei heit en mem moandei Nederlân útset. In aksje fan de skoalle yn Akkrum dêr't de beukers op sitte, hat oant no ta neat úthelle. Skoaldirekteur Gebben giet der dan ek fan út dat se freed foar it lêst op skoalle binne. De Afgaanske famylje hat de oprop krige har te melden yn it útsetsintrum yn Ter Apel. Alle prosedueres om te bliuwen binne mislearre.
PvdA-Keamerlid Samsom en syn Grien Links-kollega Dibi hawwe noch in brief stjoerd oan minister Leers, mar der is neat bard.
Alden yn Akkrum tinke der noch oer om in proseduere te starten tsjin de útsetting. Dêr moat earst in flink jildbedrach foar ynsammele wurde.