Klanten bedrige taksysjauffeur

06 maaie 2005 - 16:41

In taksysjauffeur (29) út Ljouwert is freed mei in fjoerwapen bedrige troch twa klanten.

De manlju wiene by it stasjon fan Ljouwert ynstapt en woene nei Arum ta. Underweis krigen sy in skeel mei de sjauffeur oer de te riden rûte. Dêrop luts ien fan de passazjiers in wapen. Under bedriging moast de taksysjauffeur doe fia Harns en Arum nei Frjentsjer. Dêr stapten de manlju út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)