Fryslân fiert befrijing

© Omrop Fryslân
Op tal fan plakken waard tongersdei yn Fryslân fierd dat it 60 jier lyn is dat Nederlân befrijd waard. Moarns betiid sette yn Sleat in optocht fan 60 âlde legerauto's útein foar in lange tocht troch de provinsje.
Yn Snits waard in lunch organiseard foar âld fersetsstriders. Yn Ljouwert lieten tal fan artysten har hearre op it tradisjonele befrijingsfestival. Hichtepunt dêrby wie in optreden fan rapper Ali B.