Beskerme doarpsgesicht derby

15 mrt 2012 - 16:47

It gebiet mei parken en states fan Oranjewâld krijt noch dit jier de lanlike status beskerme doarpsgesicht. Om it behear rendabel te meitsjen wol de gemeente Hearrenfean nije ûntwikkelings tastean. Sa komt der in teehûs yn de Oranjerie fan Oranjestein, wylst yn it koetshûs in kantoar komme mei. Op de Oranjehoeve kin deirekreaasje, natoerbehear of in soarchbuorkerij komme.

De gemeente ûndersiket oft yn de greiden by de pleats Donglust nije huzen boud wurde meie. Fan de pleats sels soe in kantoar makke wurde kinne of wenten foar âlderein.

Doel is dat de greiden de rekreative wearde behâlde en safolle mooglik tagonklik bliuwe of wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)