Winst Minnertsgea yn Tsjummearum

© Omrop Fryslân
It ôfdielingspartoer fan Minnertsgea hat yn Tsjummearum ek de twadde wedstriid fan it keatsseizoen wûn. Yn de finale waard wûn fan Ljouwert met 5-4 en 6-2. Minnertsgea keatste mei Ruurd de Vries (yn plak fan Cornelis Terpstra), Jacob en Chris Wassenaar. It tredde plak wie foar Berltsum.
By de froulju yn Dronryp wûn Wytmarsum. Sy wûnen yn de finale fan Boalsert. De twa tredde plakken wiene foar Menaam en Hallum.