Wethâlder woe hast opstappe

© Omrop Fryslân
Wethâlder De Boer fan Wymbritseradiel hat oerwage op te stappen troch alle drokte om de âlde skoarstienpiip fan Nooitgedagt yn Drylts. B en W ha no besletten de piip stean te litten. Earder hat De Boer altyd sein dat dat te djoer wurde soe.
De gemeenteried gie earst akkoart mei de sloop, mar kaam dêr letter op werom. Neffens De Boer in ynkonsekwint beslút. Hy bliuwt oan om't der noch in soad wurk ferset wurde moat yn de gemeente.