Tegel tsjin sinleas geweld

06 maaie 2005 - 11:12

Yn Frjentsjer is in tegel ûntbleate tsjin sinleas geweld, troch bern dy't ferbûn binne oan aktiviteitesintrum De Skûle. De tegel leit op de Mauritsbrêge by de Dykstrjitte en is bedoeld as in konstante herinnering oan de striid tsjin sinleas geweld. Dat wurdt ta utering brocht mei it logo mei it bekende reade ingeltsje derop.

De tegel op de brêge is de earste yn in rige fan twa. Letter komt der noch ien yn 'e buert fan it stedhûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)