Harkema Opeinde kampioen 3B

© Omrop Fryslân
Yn de tredde klasse B fan it sneins- amateurfuotbal is Harkema Opeinde tongersdei kampioen wurden. Yn Grins waard mei 2-4 fan neiste konkurrint Helpman wûn. Harkema Opeinde hat no 58 punten út 23 wedstriden. Mei noch ien wedstriid te gean is de ploech net mear yn te heljen troch Helpman dat op 53 punten stean bleau.
Yn 'e Haadklasse C wûn De Jouwer by Quick 20 mei 2-4. De Jouwer stiet no tredde en moat noch ien wedstriid.