Krityk Nijpels yn betinkingsrede

06 maaie 2005 - 10:14

Yn hiel Fryslân is woansdei stilstien by de deaden dy't troch oarloggen omkommen binne. It wie 60 jier nei de befrijings fan WO II in bysûndere betinking.

Yn Ljouwert spruts kommissaris Nijpels in rede út yn de Grutte Tsjerke. Hy sei dat minsken hjoed de dei gjin offers mear bringe wolle foar de frijheid. It binne konsuminten dy't fine dat se it rjocht op frijheid allinne al fertsjinje troch belesting te beteljen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)