Bestjoer Ljeppersbûn stapt op

05 maaie 2005 - 17:23

It folsleine bestjoer fan it Frysk Ljeppersbûn is opstapt. Oanlieding is it ôfkarren fan de springskâns yn De Westerein troch de technyske kommisje fan it bûn. Foarsitter John Burghout fan de ôfdieling Westerein ferset him dêr tsjin. En hy krige it moandei op de ledefergadering foar elkoar dat it bestjoer der mei ophâldt.

It bûn wol sa gau mooglik in ekstra ledefergadering belizze om de saak op te lossen. Op 28 maaie start it seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)