Ynskriuwing figuranten spylfilm

© Omrop Fryslân
Foar de Fryske spylfilm 'Sportman fan de ieu' kinne belangstellende figuranten har ynskriuwe op sneon 7 maaie. Benammen in soad manlju wurde frege har te melden, mar ek froulju en jongeren. De opnames binne fan 27 oant en mei 14 juny, foar in part yn Drylts.
Figuranten kinne har sneon fan 10.00 oant 15.00 oere melde yn sporthal Utherne te Drylts. Graach in foto meinimme.