Swalker easket skeafergoeding

© Omrop Fryslân
De swalker dy't troch it Gerjochtshôf frijprutsen waard fan brânstifting yn Snits easket nei alle gedachten in skeafergoeding. De man waard derfan fertocht dat er yn Snits brân makke hie yn in steechje en dat dêrtroch trije winkelpanden yn flammen opgiene. De skea rûn yn de miljoenen.
De rjochtbank feroardielde de swalker ta 2,5 jier sel, it Hôf spruts him frij. Hoefolle jild de swalker no easkje sil, is noch net bekend.