Oarlochsboekje Weststellingwerf

© Omrop Fryslân
It earste eksimplaar fan it boekje 'Oorlogtekens in Weststellingwerf' is woansdeitemiddei presintearre yn Ter Idzert. It boekje is útjûn troch de 'Vereniging Historie Weststellingwerf' en fertelt oer wat der bard is yn de Twadde Wrâldoarloch.
De plakken dêr't alliearre fleantugen delstoart binne of dêr't ynwenners fan Weststellingwerf omkaam binne, stean beskreaun. De plakken ha ek in tinkstien krigen.