Mega-oarder kontenerskippen

05 maaie 2005 - 12:38

De Harnzer rederij JR-shipping ûntwikkelt mei skipshelling Volharding yn Harns in nij kontenerskip. De rederij wol tusken 2007 en 2010 tsien fan sokke nije skippen bouwe litte. It giet om in opdracht fan mear as 100 miljoen euro.

Woansdei is by de Harnzer rederij in nij kontenerskip doopt. It giet om de Endeavor, dy't ek boud is troch Volharding. Neffens de eigner fan JR-shipping giet it goed yn syn sektor.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)