Roozemond nije foarsitter FPS

© Omrop Fryslân
Cees Roozemond is de nije foarsitter fan it Frysk Hynstestamboek. Dat is besletten op de earste gearkomste fan it nije bestjoer fan it FPS.
De bestjoersleden waarden ôfrûne freed keazen op de algemiene ledegearkomste yn Houten. De ferdieling fan de taken wie doe noch net bekend. Gert Snijders is sekretaris en fise-foarsitter wurden. Tjalling Rollema is keazen ta ponghâlder.