Twa deade otters fûn yn Wieden

© Omrop Fryslân
Yn natuergebiet de Wieden yn Oerisel binne de ôfrûne wike twa deade otters fûn. It giet om in mantsje en in wyfke dy't fongen binne yn Letlân en dy't juny ferline jier yn it gebiet útset binne.
De dea fan de twa bisten is in slach foar de otterpopulaasje. Dy bestiet no nei alle gedachten noch mar út twa wyfkes. Hoefolle jongen derby kaam binne, is net dúdlik. De stifting Otterstation Nederland yn Ljouwert wie belutsen by it útsetten fan de otters.