Ried wol mei Snitsers prate

04 maaie 2005 - 14:14

De riedsleden fan Snits sykje op de jiermerke op 17 maaie de ynwenners fan de gemeente op. Se wolle witte wat der libbet ûnder de Snitsers.

Foar it stedhûs wurde acht 'hûskeamers' ynrjochte, foar eltse fraksje ien. Dêr kinne ynwenners fan Snits prate mei de riedsleden oer saken dêr't se mear fan witte wolle. Dat kin gean oer losse stoeptegels, mar ek oer it nije systeem foar it ynsammeljen fan grof smoargens yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)