Faunabeskerming jout net op

© Omrop Fryslân
De Faunabeskerming jout de striid tsjin de foksejacht net op. De rjochter hat tiisdei tastimming jûn foar de jacht op de foks, tusken 1 oktober en 1 april. De provinsje hie der al in ûntheffing foar jûn, mar de Faunabeskerming hie dy oanfochten.
Neffens de natuerorganisaasje is de foks der net ferantwurdlik foar dat der hieltyd minder greidefûgels komme. Dat komt foaral troch de mechanisaasje fan de lânbou en troch oare rôfbisten.