Gjin filla's by Hurdegaryp

04 maaie 2005 - 10:13

De gemeente Tytsjerksteradiel krijt gjin tastimming fan de provinsje foar de bou fan 70 filla's tusken Tytsjerk en Hurdegaryp. De provinsje wol net dat de nije wyk konkurearret mei de plannen foar djoere hûzen yn de Bullepolder by Ljouwert.

Dat de provinsje gjin tastimming jout, komt net as in ferrassing, mar betsjut wol in slach foar Tytsjerksteradiel. Der soe wol fraach nei de filla's wêze. B. en w. lizze har der ek net by del.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)