Tuorren net feilich genôch

© Omrop Fryslân
Op de tuorren fan de Nederlânsk Herfoarme tsjerken fan Jistrum en Sumar en fan de Krústsjerke yn Burgum meie de flaggen net út op 4 en 5 maaie. De gemeente Tytsjerksteradiel fynt it yn de tuorren net feilich genôch om minsken omheech en nei ûnderen gean te litten mei de flagge.
De gemeente hat as eigner fan de tuorren besocht de omstannichheden foar dizze dagen te ferbetterjen, mar dat is yn Jistrum, Sumar en Burgum net slagge.