Wurk oan tillefoansintrale

© Omrop Fryslân
De tillefoansintrale fan sikehus MCL yn Ljouwert en fan sikehûs en ferpleechhûs de Batting yn Harns leit der nije wike in pear oeren út. Der wurdt woansdeitenacht oan wurke om de sintrale geskikt te meitsjen foar tillefoanferkear fia de nijste techniken.
It wurk is nachts en duorret in pear oeren. Foar needgefallen is it sikehûs berikber op it algemiene nûmer. Meiwurkers brûke mobile tillefoans.