Farseizoen mooglik ferromme

03 maaie 2005 - 10:31

It farseizoen yn Fryslân wurdt mooglik ferromme. Dat foarstel wurdt ynkoarten besprutsen yn it deistich bestjoer fan rekreaasjekip de Marrekrite. Dêrfoar is it wichtich dat brêgen en slûzen earder betsjinne wurde.

Dit jier draaiden de brêgen en slûzen sân dagen earder as oars: op Goed Freed. Dat koe om't it in betide Peaske wie. At dyselde situaasje him nochris foardocht, sille de brêgen en slûzen op 'e nij earder betsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)