Jistrum grutsk op muzykkoepel

02 maaie 2005 - 17:54

Jistrum hat wer in muzykkoepel. Oant de jierren fjirtich stie yn it doarp ek in koepel, mar dy is doe fuorthelle omdat er bot fertuteaze rekke wie.

It is de bedoeling dat der no wer regelmjittich muzikale, mar ek oare kulturele aktiviteiten yn organisearre wurde. Dêr wurde ek de skoallen yn Jistrum by belutsen. Doarpsbelang Jistrum is der grutsk op dat it doarp sûnt lange tiid wer in muzykkoepel hat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)