Ofspraak mei eachdokter fia mail

02 maaie 2005 - 17:08

Pasjinten dy't in ôfspraak meitsje wolle by ien fan de eachdokters fan it Medisch Centrum Leeuwarden, kinne dat tenei fia internet dwaan. Op www.mcl.nl kin de pasjint oanjaan wannear't er nei de eachdokter wol. De assistinten planne de ôfspraken yn en melde dat fia de mail wer oan de pasjint.

It MCL wol sa de berikberens fan de polyklinyk ferbetterje. Dy is troch it grutte tal pasjinten telefoanysk no faak min te berikken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)