CDA Drinte: beurzen net nei FEC

02 maaie 2005 - 16:57

De provinsje Drinte moat alles út de kast helje om de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren iepen te hâlden. Dat seit de CDA-steatefraksje yn Drinte. It bestjoer fan de Prins Bernhardhoeve hat besletten om alle beursaktiviteiten te ferpleatsen nei it FEC yn Ljouwert.

Dat falt ûnder itselde bestjoer. De steatefraksje fan it CDA yn Drinte wol dat Deputearre Steaten yngripe. It beurskompleks is fan grut belang foar de omjouwing, seit it Drintse CDA.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)