Turncoach moat fuort by WIK/FTC

01 maaie 2005 - 16:26

Turnclub WIK/FTC hat ûntslach oanfrege foar Rietje Bijlholt, haadcoach fan de frouljusôfdieling. Bijlholt hat tolve jier lang by de Fryske turnklub wurke. It klubbestjoer seit dat Bijlholt fuort moat fanwege finansjele en organisatoryske redenen.

Rietje Bijlholt is bot oandien troch de meidieling dat se fuort moat. Se hat mei Frank Louter en Boris Orlov oan de basis stien fan it frouljusturnen yn Nederlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)