Eigner boumerk oanriden

01 maaie 2005 - 13:21

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling sneon yn Surhústerfean. By in boumerk waard de eigner fan de saak oant twa kear ta oanriden troch in autobestjoerder. De man stie it ferkear te regeljen, omdat it drok wie by syn saak.

De autobestjoerder woe net stopje doe't de eigner fan de boumerk dat tsjin him sei. Neidat er de man oant twa kear ta oanriden hie, is er fuortgien. Wa't it sjoen hat wurdt frege him te melden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)