Aubade foar Keninginne

© Omrop Fryslân
Op ferskate plakken yn Fryslân binne sneontemoarn aubades hâlden foar Keninginne Beatrix. Under oare yn Harns en Kollum waard der songen foar de Keninginne en sprutsen de boargemasters de taskôgers ta.
Yn Kollum kamen sa'n 100 minsken ôf op de aubade. Ekstra omtinken wie der foar 8 minsken út 'e gemeente dy't dit jier in keninklike ûnderskieding krigen ha. Boargemaster Bilker spruts syn bewûndering út foar Beatrix.