Bruin skoart tsjin Go Ahead

01 maaie 2005 - 12:12

Cambuur wûn freedtejûn thús mei 2-0 fan de Go Ahead Eagles troch twa goals yn de twadde helte. Yn 'e earste helte makken de Ljouwerters noch net folle klear, mar de twadde helte wie in stik better. Raymond Bronkhorst iepene de skoare. Jan Bruin út Tsjom kopte Cambuur nei 2-0.

De oanfal fan Cambuur bestie folslein út spilers dy't gjin nij kontrakt krije by de klub; Van Zundert, Schaken en Bruin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)