Fernielerij op skoalle Harns

© Omrop Fryslân
Unbekenden ha fan 'e wike in soad skea oanrjochte by skoallemienskip Simon Vestdijk yn Harns. It haadgebou oan de Koningin Julianastrjitte wie bekladde mei farve. Muorren wiene mei aaien en tomaten fersmoarge. Fierder binne ôffalbakken en banken fernield.
In skjinmakkersbedriuw hat in dei dwaande west om alles te himmeljen. De folsleine skea wurdt rûsd op 7.000 euro.