Hearrenfean ferfangt stiennen

30 apr 2005 - 13:43

In part fan de bestrjitting fan de Dracht en it gemeenteplein op it Hearrenfean is nei trije jier oan ferfanging ta. De poreuse stiensoart Belgisch Hardsteen kin net tsjin it frachtferkear dat der oerhinne moat. Ek binne de stiennen skansearre by it opromjen fan de snie yn maart.

It kolleezje sil mooglik de swierste frachtauto's ferbiede yn it gebiet. Fierder sil in part fan it sintrum ôfsletten wurde mei pealtsjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)