Mediation brûkt foar plysje

30 apr 2005 - 11:51

De plysje hat besocht om mei mediaton de relaasje tusken de seis plysjes op Flylân te ferbetterjen. Trije moannen lang is in berop dien op in profesjonele eksterne saakkundige. Dat hat de plysje freed bekend makke.

Nei in tal gesprekken waard dúdlik dat de ferhâldings sa bot fersteurd wiene dat mediation gjin doel hie. It plysjeteam fan Flylân is oerpleatst nei de feste wâl fanwege ynterne spanningen, sa waard earder al bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)