Kameleonpaviljoen iepene

30 apr 2005 - 11:51

It Kameleonpaviljoen oan 'e Snitsermar by Terherne is freed iepene. Der is sân jier op wachte. De Feriening fan Fryske Fjildbiologen hie grutte beswieren tsjin de komst fan it paviljoen. It soe wrotmûzen en guozzen yn it paad sitte. Dat skeel is foar de heechste rjochters útfochten. De biologen ha ferlern.

By it restaurant sit in lyts natuerfoarljochtingssintrum. It paviljoen is it nijste ûnderdiel fan it Kameleondoarp Terherne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)