Twadde priis foar NHL-studintes

© Omrop Fryslân
Trije kommunikaasje-studintes fan de NHL binne as twadde einige yn de finale fan de lanlike Van Hulzen PR Talentenpriis 2005.
De dielnimmers moasten in plan betinke om wat te dwaan oan de oerlêst fan mobile telefoans. Dat plan waard oan de sjuery fan de priis presintearre. De trije studintes krigen as priis in hypermoderne mobile telefoan. Studinten út Rotterdam wûnen de earste priis.