Gaslek yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
Yn de Frijheidswyk yn Ljouwert hat freed in gaslek west. Oan de Kanadezenleane binne tolve hûzen ûntromme. De strjitte waard ôfset mei linten en it publyk moast op ôfstân bliuwe.
It gaslek is nei alle gedachten ûntstien by wurksumheden yn de strjitte. It lek is makke troch Essent. Ut mjittingen hat bliken dien dat der gjin gefaar west hat foar de sûnens. Yn de huzen wurdt net mear mjitten.