Plysjegeheimen yn konteners

29 apr 2005 - 18:03

De plysje brûkt spesjale konteners om gefoelich ûndersyksmateriaal, dat al brûkt is, te dumpen. Yn it plysjeburo fan Drachten steane sokke mediaboksen. Plysjeminsken kinne dêr floppy's, sheets en diskettes mei geheime ynformaasje yn kwyt.

De Fryske plysje hat dizze maatregel nommen nei ynsidinten ferline jier. Doe sette in offisier fan justysje bygelyks syn kompjoeter mei wichtige gegevens oan de dyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)