'BFVW moat oerlis wer oppakke'

© Omrop Fryslân
It Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten, it BFVW, moat sa gau mooglik wer om 'e tafel mei de Fûgelbeskerming Nederlân. Dy oprop die deputearre Andriesen tongersdei by de iepening fan it skrieze-seizoen yn Dolsterhuzen.
Begjin dizze wike sei it BFVW de gearwurking mei de Fûgelbeskerming op. Oanleiding is alle argewaasje oer it ljipaaisykjen. De Fûgelbeskerming wol graach fierder mei it BFVW.